De taaldatabank Nijfrysk

De taaldatabank Nijfrysk befettet in trochsneed fan it Frysk fan de 20e ieu. Ûnderskate tekstsjenres binne deryn opnommen, lykas krantenartikelen, romans, poëzy, fakliteratuer, en sa mear. Alles meiïnoar is it likernôch 25 miljoen wurden. De databank is as tekst troch te sykjen. It leit yn de bedoeling om op termyn de taaldatabank fierder út te bouwen troch de ûnderskate staveringen en wurdfoarmen oan lemma's (opsykfoarmen yn wurdboeken) te keppeljen, sa't dat foar it Frysk fan 1550-1800 dien is.

De taaldatabank Njoggentjinde-ieusk Frysk

Likernôch in miljoen wurden oan njoggentjinde-ieusk Frysk is ynscand en korrisjearre. Fierders binne der ek njoggentjinde-ieuwske hânskriften hânmjittich yntikt. Op dit stuit is de taaldatabank Njoggentjinde-ieusk Frysk as beta-ferzje beskikber. It leit yn de bedoeling om op termyn de taaldatabank fierder út te bouwen troch de ûnderskate staveringen en wurdfoarmen oan lemma's (opsykfoarmen) te keppeljen, sa't dat foar it Frysk fan 1550-1800 dien is.


De taaldatabank Midfrysk / Ier-Nijfrysk

Yn de taaldatabank Midfrysk binne alle oant no ta bekende Midfryske teksten (Frysk út it tiidrek fan likernôch 1550 oant 1800) opnommen. Dy teksten binne fierhinne folslein lemmatisearre. Dat wol sizze dat alle wurden yn al har staveringsfarianten oan in lemmafoarm (de opsykfoarm yn in wurdboek) keppele binne en dat útmakke is hokker foarm it is; bygelyks hokker persoan en tiid fan in tiidwurd, of inkeltal of meartal fan in haadwurd, ensfh. De opmaak fan de side en de sykmooglikheden sille meiertiid noch ferbettere en útwreide wurde.


De taaldatabank Aldfrysk

Op dit stuit wurde Aldfryske teksten sammele as tarieding op in taaldatabank Aldfrysk, dêr't finansjele middels foar frijmakke binne. Der fine op dit stuit eksperiminten plak mei ûnderskate foarferzjes.